Johnny Cash is fansels in grutte held foar in soad minsken. Sa ek foar Klaas Land en Jacco de Boer. Dizze twa wâldpiken binne altyd te finen wêr't wat bart. Al is it mar om't se der sels op ien of oare manier ynsitte. Op in terraske kamen se der efter dat sy beide Cash tattoo's hawwe. Mei noch in hiel ferhaal der efter ek. Sa is it plan foar Fryske Cash ûnststien. Klaas en Jacco sochten beiden harren favorite Cash nûmers út, sochten dêr wer harren favorite artysten by en sa is it Fryske Cash projekt ûntstien. Neist alle artysten dy't meidogge hat ek it fertaaltiem tige warber west. Wat in prachtige teksten hawwe sy makke fan dy simpele mar oe sa moaie teksten fan Cash sels. Net allinich yn it geef Frysk, mar ek yn it Liwwadders en Wâldfrysk fansels. Sa docht eltsenien sy ding yn dit projekt en dat ek noch sûnder subsydzje. Fryske Cash hâldt him sels de broek omheech en sil Fryslân en de Friezen wat opsmite.
€ 17,49
Op de kompakt skiif Fryske Cash fine jo ûndersteande nûmers. Wolle jo mear ynformaasje oer de artysten, klik dan op in artystenamme. Troch op it nûmer te klikken kinne jo sjen wa't in selde titel opnaam hat en op hokker skiif dit nûmer stiet. Wannear't der foar in nûmer in blau pylkje stiet kinne jo dêr op klikke om in fragmint te hearren fan it nûmer.
|