Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
DVDDe Fryske Skiednis yn 11&30 finsters (Bart Kingma, 2011)
De hoes fan De Fryske Skiednis yn 11&30 finsters (hoeskes kinne bytiden ôfwike fan dy op dizze side) Op basis fan 'e Kanon fan de Fryske Skiednis makke Omrop Fryslân skoaltelevyzje in searje televyzjeprogramma's oer de iere skiednis fan ús provinsje. Presintator Freark Smink liedt de sjogger troch de finsters fan 'e Fryske Kanon. Op dy wize ûntstiet in kronologysk byld fan it ûntstean fan ús provinsje, fan 'e earste bewenners yn 'e preehistoarje oant en mei de ein fan 'e Midsiuwen. Terpen, Romeinen, keningen, kleasters, de Fryske frijheid en Grutte Pier komme fansels foarby, mar ek minder bekende en ferrassende ûnderwerpen. Skiednis om nei te sjen, net allinne ynteressant foar skoalbern, mar foar elkenien fan tsien oant hûndert! No de folsleine searje fan 7 DVD's yn ien sammelboks.

€ 39,99



Oan De Fryske Skiednis yn 11&30 finsters wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.

Freark Smink.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2013 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)