Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Nijs
Reservear no de Piter Wilkens DVD

Piter Wilkens - De fleanende Hollander DVDHa jo ek sa genoten fan it konsert fan Piter Wilkens op Omrop Fryslân tv de ôfrûne dagen en soene jo it folsleine konsert noch wol in kear belibje wolle as hawwe jo faaks ien as meardere dielen mist. Begjin jannewaris ferskynt der in DVD fan dit konsert dat Piter Wilkens joech yn it kader fan syn de Fleanende Hollander toernee. Jo kinne dizze DVD no alfêst reservearje. Betelje hoecht pas nei ôfrin.

 
De Fryske top 100 fan 2011
De nûmer ien fan 2011 is foar de tredde kear op rige Gurbe Douwstra mei de Cliffs of Moher wurden. Fûgels fan Die Twa eindige foar de twadde kear as twadde en Reboelje's âld nûmer 1 Marije Maria waard oppenij tredde. Bruno en Judith wiene mei harren harkersliet Sulveren snie de heechste nije binnenkommer op nûmer 14. Piter Wilkens stiet der dit jier mei mar leafst 8 nûmers yn. De folsleine list stiet hjirûnder. Klik op de lês fierder knop om de list sichtber te meitsjen. Ha jo in moai nûmer heard, klik dan op it nûmer om te sjen op hokker kompakt skiif jo dit nûmer fine kinne. Jo kinne dizze dan fuortdaalks bestelle at er noch leverbaar is.

200.jpg201.jpg326.jpg

LĂŞs fierder...
 
Adri de Boer - Oer alles skynt de sinne
Adri de Boer - Oer alles skynt de sinneNei mear as fiif jier hat Adri de Boer wer in nije kompakt skiif útbrocht. Oer alles skynt de sinne is alwer syn fjirde soloplaat. De plaat waard op 16 desimber presintearre yn De Lantearne yn Surhústerfean. Op de skiif stean wer prachtige harksankjes mei teksten fan Adri sels, Giny Bastiaans en Sytse Broersma. Op de skiif sjonge ek Gezina van der Zwaag, Kim Stolker en Three-ality ferskes mei.
 
No ek boeken yn de Fryske winkel

It siet der al in skoftke oan te kommen en klear is it ek noch net hielendal mar fan no ôf kinne der yn de Fryske winkel ek boeken besteld wurde. It assortimint is noch net hiel grut mar dat sil ynkoarten noch wol flink tanimme. No begûnen wy yn de muzykwinkel mei in album dêr't wy sels oan meiwurken (Fryske ferskes foar Sinteklaas).  Yn de filmwinkel wie it earste produkt in film dêr't wy sels yn meispile hawwe (De ferbeane Fryske Kameleon sjocht yn it waar). It koe dan ek net oars as it earste boek moast ek wat bysûnders wêze. No hawwe wy bûten it wrâld omfiemjende web noch net in soad publisearre dat yn dit gefal giet it om in twatal boeken dy't skreaun binne troch J.R.R. Tolkien. Dizze boeken binne oarspronklik yn it Ingelsk ferskynt as The Hobbit en Lord of the rings. Twa freonen fan ús hawwe dizze boeken no oerset nei it Frysk. Dêrom presintearje wy hjir as earste boeken De Hobbit (oerset troch Anne Tjerk Popkema) en diel 1 fan Master fan alle ringen, it selskip fan de ring (oerset troch Liuwe H. Westra). Jo kinne se bestelle en de boeken komme dan flot jo kant op.

De HobbitMaster fan alle ringen: it selskip fan de ring

 
Fryske Cash, de DVD
Fryske Cash op DVDJe hiene der al fan heard (De Fryske Cash cd), mar no kinne je it sjen op de Fryske Cash dvd. Nei seis spektakulêre optredens, 7500 besikers en tûzenen ferkochte cd's wurdt op dizze dvd alles en mear fan de Fryske Cash presintearre. Alle ferskes, opnamen efter de skermen, it produksjeproses fan it finyl, neakene froulju, seks, drugs en rock en roll. No ja miskien net allegearre. Sjoch hjirop nochris nei hoe't dik 60 muzikanten mei inoar de Fryske Cash delsetten op eigen manneboet.
 
Sânman en Sikke - Dat sadwaande
Sânman en Sikke - Dat sadwaandeGuon artysten sjonge solo, oaren dogge it mei har twaën as faaks binne der ek guon dy't trijstimmich sjonge mar Sânman en Sikke dogge it, hoe kin it ek oars, mei har sânen. It nijste, alwer harren fyfde, album stiet wer fol mei prachtige harksankjes.
 
Moed en nocht

Moed en nochtBauke van der Woude en Campbell Forbes hawwe net stil sitten. Der is in nije dûbeldskiif fan harren op de merk mei mar leafst 28 nûmers. In moai kadootsje foar Sinteklaas as kryst tochten wy sa.

 
Die twa - twasprong
Twasprong - Die twaIt populêre duo Die twa hie foarich jier al in prachtige earste album útbrocht wêrfan't der ferskate nûmers heech yn de top 100 bedarren. No is hjir de opfolger. Dit prachtige album dat de namme twasprong krigen hat giet ek wer foar de nedige toppers soargjen.
 
De Fryske skiednis yn 11&30 finsters
De Fryske skiednis yn 11&30 finstersOp basis fan 'e Kanon fan de Fryske Skiednis makke Omrop Fryslân skoaltelevyzje in searje televyzjeprogramma's oer de iere skiednis fan ús provinsje. Presintator Freark Smink liedt de sjogger troch de finsters fan 'e Fryske Kanon. Op dy wize ûntstiet in kronologysk byld fan it ûntstean fan ús provinsje, fan 'e earste bewenners yn 'e preehistoarje oant en mei de ein fan 'e Midsiuwen. Terpen, Romeinen, keningen, kleasters, de Fryske frijheid en Grutte Pier komme fansels foarby, mar ek minder bekende en ferrassende ûnderwerpen. Skiednis om nei te sjen, net allinne ynteressant foar skoalbern, mar foar elkenien fan tsien oant hûndert! No de folsleine searje fan 7 DVD's yn ien sammelboks. De dielen 1, 2 en 3 binne fansels ek los te keap.
 
It wûnder út 'e Wâlden
It wûnder út 'e Wâlden - Tet RozendalDe Fryske Wâlden, altyd al in bytsje apart en krekt even oars; it gea, de grûn, mar foaral de minsken. Tet waard grut yn dizze mysterieuse Wâlden fol wûnderlike ferhalen, wûnderdokters en duvelferbanners. Dêrby joegen har foarâlden fan generaasje op generaasje ieuwenâlden, hielkrêftige resepten oan har troch. Wat die it mei har, grut te wurden yn in omjouwing sa ryk oan wûnders?
 
Rare fûgel - Jehannes Kats Veenstra
Rare fûgel - Jehannes Kats VeenstraJehannes Kats Veenstra, bekend fan de Healers, makket no ek solo syn debút. Op syn kompakt skiif Rare fûgel stean 5 ferskate Frysktalige nûmers wêrop't Jehannes ynstrumintaal begelaad wurdt troch seis oare muzikanten wêrûnder syn omkesizzer Sipke Hoekstra op de fioele. Der sit ek in tekst fan syn heit, de Fryske dichter Sipke Veenstra, by en twa teksten fan syn suster Hinke Veenstra. Jehannes hat by fjouwer nûmers sels de muzyk makke. Bouke Oldenhof hat fierders in nûmer fan Johnny Cash oersetten yn it Frysk, spesjaal foar dizze cd, Man yn ’t Swart.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2013 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)