|
Fryskewinkel.nl wol fia it ynternet alles wat Frysk is op in ienfâldige manier ûntslute. Yn earste ynstânsje binne wy begûn mei it ferkeapjen fan Fryske kompakt skiven (cd's). Yn ús databanken steane no al sawat alle kompakt skiven dy't meastentiids Frysktalich binne mar sawysa op de ien as d'oare wize in bân mei Fryslân hawwe. Net elke skiif is mear te besetten omdat dizzen faak yn in (te) lytse oplage makke wurden binne, dochs sille wy der alles oan dwaan om it assortiment fan noch te krijen skiven sa grut mooglik te hâlden.
Dêrneist biede wy ek de Fryske films en searjes oan. Mooglik folgje ynkoarten ek noch oare Fryske saken. Te tinken falt dan oan Fryske boeken, klean, gadgets en lekkernijen. Bearenburch sil wol net fia ynternet ferkocht wurde meie mar yn bonbonfoarm kin it faaks al wer. Wat dat oanbelanget is der foar Fryskewinkel.nl noch in lange wei te gean. Meitsje no alfêst mar in eigen bestelakkount oan en ferfryskje jo libben...
|