|
No ek boeken yn de Fryske winkel |
|
It siet der al in skoftke oan te kommen en klear is it ek noch net hielendal mar fan no ôf kinne der yn de Fryske winkel ek boeken besteld wurde. It assortimint is noch net hiel grut mar dat sil ynkoarten noch wol flink tanimme. No begûnen wy yn de muzykwinkel mei in album dêr't wy sels oan meiwurken (Fryske ferskes foar Sinteklaas). Yn de filmwinkel wie it earste produkt in film dêr't wy sels yn meispile hawwe (De ferbeane Fryske Kameleon sjocht yn it waar). It koe dan ek net oars as it earste boek moast ek wat bysûnders wêze. No hawwe wy bûten it wrâld omfiemjende web noch net in soad publisearre dat yn dit gefal giet it om in twatal boeken dy't skreaun binne troch J.R.R. Tolkien. Dizze boeken binne oarspronklik yn it Ingelsk ferskynt as The Hobbit en Lord of the rings. Twa freonen fan ús hawwe dizze boeken no oerset nei it Frysk. Dêrom presintearje wy hjir as earste boeken De Hobbit (oerset troch Anne Tjerk Popkema) en diel 1 fan Master fan alle ringen, it selskip fan de ring (oerset troch Liuwe H. Westra). Jo kinne se bestelle en de boeken komme dan flot jo kant op.

|