Hoe kin ik wat bestelle fia jim webside?
Om wat te bestellen fan Fryskewinkel.nl hawwe wy jo gegevens nedich. Dêrfoar moatte jo ien kear in registraasjeformulierke ynfolje. Om it jo ienfâldich te meitsjen ûnthâlde wy jo gegevens sadat jo dy by in folgjende bestelling net wer yn hoege te foljen. De troch jo ynfierde gegevens sille wy net trochjaan oan oare partijen.
Hoe en wannear moat ik betelje?
Wannear't jo in bestelling pleatse soargje wy der foar dat dizze bestelling flot by jo thús ôflevere wurdt. De rekken stjoere wy dan fuortdaalks mei. Jo hoege dus pas te beteljen neidat jo it bestelde artikel thús krigen hawwe. Gjin yngewikkelde betelmetoades foarôf wêrby't jo noch mar sjen moatte dat jo it bestelde produkt ek krije. Gewoan de meistjoerde rekken efkes oermeitsje is genôch.
Hoe sit it mei de BTW?
De priis op ús webside is ynklusyf btw mar jo krije fansels ek in fatsoenlike btw-bon fan ús dus ek foar bedriuwen binne wy it ideale plak foar in flinke bestelling.
Ik lês neat oer ferstjoerkosten, hoe sit dat?
Wy dogge net oan ferstjoerkosten. De priis dy't jo op ús webside fine is ynklusyf ferstjoerkosten. De ienige útsûndering op dizze regel binne bestellings fanút it bûtenlân. Foar bestellings bûten Nederlân kin in taslach jilde.
Stel dat jim net leverje kinne, wat bart der dan?
Wy hawwe in protte artikels op foarrie en oan de artikels dy't wy net (mear) op foarrie hawwe kinne wy faak hiel flot komme. Mocht in artikel hielendal net mear te krijen wêze dan krije jo dizze net tastjoerd. Jo krije dan fansels ek gjin rekken. Mei oare wurden, jo rinne gjin inkeld risiko.
Hoe lang duorret it ear't ik myn bestelling yn hûs haw?
Wannear't wy it troch jo bestelde op foarrie hawwe giet dit sa rap mooglik, meastal de selde dei noch, op de post. It is dan mooglik dat jo it de oare deis al yn hûs hawwe mar yn elk gefal binnen inkelde dagen. Hawwe wy jo artikel net mear op foarrie dan wurdt it fuortdaalks besteld.
Ik haw in skoftke ferlyn wat besteld mar ik haw it noch altyd net krigen?
Faaks binne jo fergetten om de bestelling definityf te meitsjen. Jo moatte dan efkes ynlogge. Wannear't jo ynlogge kinne jo ek sjen op hokker status jo bestellings stean. Wannear't in bestelling ferstjoerd is en jo hawwe dizze nei 5 wurkdagen noch net binnen krigen, nim dan efkes kontakt op mei ús. It leafst fia ús kontaktformulier fansels.
Ik haw sels in kompakt skiif as dvd yn eigen behear makke, wolle jim dy ek ferkeapje?
Wy hawwe op dit stuit alle skiven dy't troch Marista útjûn wurde yn ús assortimint. Jout Marista ek jo skiif út dan sil dizze automatysk ek wol opnaam wurde yn ús databank. Binne wy jo skiif fergetten dan kinne jo ús dêr fansels efkes op attint meitsje fia it kontaktformulier. Wy wolle graach in sa folslein mooglik oersjoch jaan fan de Fryske muzyk dus wolle wy ek alle yn eigen behear útbrochte saken wol yn ús winkeldatabank opnimme. Dat jildt trouwens ek foar skiven dy't net mear leverbaar binne. Nim ek dan efkes kontakt op fia it kontaktformulierke.
Wêrom stean noch net by alle kompakt skiven lûdsfragminten?
Wy binne op dit stuit dwaande om der foar te soargjen dat der by safolle mooglik muzyk ek in lyts lûdsfragmintsje komt. Sa kin elkenien in yndruk krije fan wat foar muzyk der te keap is mar ek kin dan fuortdaalks efkes sjoen wurde at it echt wol om it ferske giet dat jo yn gedachten hiene. Foar it pleatsen fan muzykfragminten freegje wy tastemming oan de rjochthawwenden. Noch net alle artysten binne benadere mar it is ek in hiel soad wurk want der sitte al mear as 4000 ferskes yn ús databank. Binne jo sels artyst en wolle jo ús tastemming jaan foar it pleatsen fan jo muzyk, nim dan efkes kontakt op.
|