Mei dyn allerearste demo al in platekontrakt skoare, dat is mar foar in inkeling weilein. It oerkaam Elske DeWall, oant no ta it bêst bewarre geheim fan Fryslân. Fia fia kaam har demo by de A&R manager fan Universal Music terjochte, dy't de folgjende dei gelyk oan de tillefoan hong om in ôfspraak te meitsjen mei dit muzikale talint. No lansearret Elske DeWall har debútalbum mei de ta de ferbylding sprekkende titel Balloon Over Paris. It is in album fol pure popferskes mei in haadrol foar de waarme stim fan DeWall, dy't de harker as in waarme tekken omearmet.
|