Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Opskuor wer by elkoar foar Aaipop
Sa't is - OpskuorFoarich jier wie der op aaipop in reuny fan Wiegels Wjukkelmasine. Dit jier hat stifting Aaipop de band Opskuor wer ree fûn foar in reuny. Opskuor hat fan 1993 oant 2005 optredens fersoarge. Sy hawwe ien kompakt skiif útjûn (Sa't is). Op dizze skiif stean prachtige nûmers lykas As it spoeket op 'e mar, Reef yn it seil en fansels it titelnûmer Sa't is. Wolle jim alfêst yn de stemming komme foar dizze reuny, de skiif is noch wol te bestellen yn ús winkel.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2010 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)