Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Gurbe Douwstra - Thús
It koe fansels net útbliuwe. Nei it súkses fan syn earste twa albums en syn nûmer 1 notearing yn de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân is Gurbe Douwstra no wer drok dwaande yn de studio. Foar de opnamen fan syn tredde album, dat de namme Thús mei krije sil, binne hja al in aardich eintsje op wei. De basistracks binne yntusken opnaam. Dizze opnamen sille no oanfolle wurde mei de noadige muzikanten wêrnei't Gurbe sels de lêste sangtakes noch efkes op de plaat sette mei.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2010 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)