|
Debútalbum Grytsje Kingma |
Op sneon 15 maaie presintearret sjongeres en liettekstskriuwster Grytsje Kingma út Sint Jânsgea har debútalbum Wjerlûd. It wie yn earste ynstânsje as aardigheidsje begûn mar nei't der 15 prachtige nûmers opnaam wiene hat Grytsje der dochs foar keazen om der in echte kompakt skiif fan meitsje te litten. Dizze kompakt skiif is net yn de cd-winkels te keap mar fansels wol op de Fryske winkel. Jim kinne no al in eksimplaar bestelle dan soargje wy der foar dat de skiif fuort nei 15 maaie op de post giet.
|