|
Jitiizer - út 'e skroeven |
De ferneamde Fryske tongercoreband Jitiizer is op dit stuit dwaande mei harren lêste toffel toer. Ein jannewaris 2011 hâldt de band der nei hast 20 jier mei op. Om der foar te soargjen dat jim letter dochs noch ris oan jim neiteam it Jitiizergefoel oer bringe kinne hawwe hja no in kompakt skiif mei in dvd útbrocht dy't as titel út 'e skroeven meikrigen hat. Op de dvd stean de opnamen dy't op 24 oktober yn de Landscapestudio makke binne. Yn totaal 32 nûmers. Op de KS pasten spitigernôch mar 27 ferskes. In moai oantinken oan dizze wol hiel opfallende band dat de echte fans fansels net misse meie. Jim kinne fansels earst efkes hearre hoe't er klinkt.
|