Begjin 2010 kaam it nijs nei bûten dat der in Fryske pornofilm makke wurde soe mei de titel Del fan '63. Dit fansels as in parody op de Hel fan '63 fan Steven de Jong. De mannen fan N.N.B. makken nei oanlieding fan dit nijs it stevige nûmer De del fan '63. Dit nûmer waard dêrnei as lûdsspoar brûkt foar de earste Fryske pornofilm. Pornofilmer Erik Zijlstra makke dêrnei ek in klip fan de band en no is dit nûmer dus te keap op singel. De fideoklip stiet ek op de skiif. De pornofilm trouwens net!
|