|
De hûnekop - Raast oan 'e protters |
De hûnekop en syn beide maten hawwe sûnt 14 dagen in eigen kompakt skiif útbrocht mei hast alle ferneamde hûnekopnûmers. De skiif Raast oan 'e protters wie koart lyn noch cd fan 'e wike by Omrop Fryslân's Noardewyn. Fansels hat de Fryske winkel de skiif dus ek yn it assortiment opnaam. By ús wurdt de skiif meastentiids noch deselfde dei op de bus dien. In rekkeninkje stjoere wy mei en fan ferstjoerderskosten ha wy noch nea heard. Bestel 'm dus rap en lit sa fuortdaalks ek efkes de hûnekop de Fryske album top 100 bestoarmje.
|