Spesjaal omwille fan it ferskinen fan alwer de tredde Doelleazen hermiks singel, dizze kear mei twa nûmers fan Piter Wilkens, woene wy de trije singeltsjes fuort mar yn de oanbieding goaie. Wolle jim alle trije singeltsjes fan De Doelleazen graach hawwe, dan betelje jim der mar twa. Wy hâlde dêr op de faktuer wol efkes rekkening mei. Foar de Doelleazensingeltsjes jildt dus trije helje, twa betelje. It hoege net perfoarst trije ferskillende singeltsjes te wêzen trouwens. Dizze aksje rint oant 1 septimber...
 
|