Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Nijs
De kast - welkom thuis
Op freed 24 septimber presintearret popgroep De kast nei 8 jier wer in nij album. Dit album hat as titel Welkom thuis meikrigen. Nei dizze presintaasje sille de bandleden in teatertoer begjinne om harren tweintich jierrich bestean te fieren. Fansels sil it nije album fan de Kast ein septimber ek fia de Fryske winkel te keap wêze. Hâld ús side dan ek mar goed yn de gaten.
 
Hûnekop - Raast oan 'e protters nije nûmer 1

De hûnekop - Raast oan 'e prottersIt debútalbum fan de Hûnekop, Raast oan 'e protters, hat hjoed Fryske ferskes foar Sinteklaas fan it earste plak stjitten yn de Fryske album top 100. Dêrmei is it no de meast ferkochte kompakt skiif fan de Fryske winkel. Op dit stuit is allinnich de Pigmeat dvd U wordt bedankt noch mear ferkocht mar hoe lang noch? Wolle jo dizze nûmer 1 kompakt skiif ek yn jo besit hawwe, wy kinne 'm flot út foarrie leverje.

 
Doelleaze oanbieding
Spesjaal omwille fan it ferskinen fan alwer de tredde Doelleazen hermiks singel, dizze kear mei twa nûmers fan Piter Wilkens, woene wy de trije singeltsjes fuort mar yn de oanbieding goaie. Wolle jim alle trije singeltsjes fan De Doelleazen graach hawwe, dan betelje jim der mar twa. Wy hâlde dêr op de faktuer wol efkes rekkening mei. Foar de Doelleazensingeltsjes jildt dus trije helje, twa betelje. It hoege net perfoarst trije ferskillende singeltsjes te wêzen trouwens. Dizze aksje rint oant 1 septimber...

De Doelleazen - De mem fan DoutzenDe Doelleazen - StrjitlizzerDe Doelleazen - Paad werom
 
Gurbe Douwstra - Thús
Gurbe Douwstra - ThúsDe earste eksimplaren fan Gurbe Douwstra syn tredde kompakt skiif Thús binne yntusken op de post gien. It is in prachtige harksankjesplaat wurden mei wat serieusere teksten. Fansels kinne jo op ús side alfêst wat fragminten hearre fan dizze skitterende plaat. Wanear't jo dizze skiif rap bestelle dan soargje wy der foar dat jo him flot thús krije.
 
De hûnekop - Raast oan 'e protters
De hûnekop - raast oan 'e prottersDe hûnekop en syn beide maten hawwe sûnt 14 dagen in eigen kompakt skiif útbrocht mei hast alle ferneamde hûnekopnûmers. De skiif Raast oan 'e protters wie koart lyn noch cd fan 'e wike by Omrop Fryslân's Noardewyn. Fansels hat de Fryske winkel de skiif dus ek yn it assortiment opnaam. By ús wurdt de skiif meastentiids noch deselfde dei op de bus dien. In rekkeninkje stjoere wy mei en fan ferstjoerderskosten ha wy noch nea heard. Bestel 'm dus rap en lit sa fuortdaalks ek efkes de hûnekop de Fryske album top 100 bestoarmje. 
 
Gurbe Douwstra: Thús

Gurbe DouwstraIt tredde album fan troebadoer Gurbe Douwstra, dat as titel Thús meikrigen hat, is fan no ôf te bestellen op de Fryske winkel. Foar mar 16,49 ynklusyf ferstjoerderskosten stjoere wy jo de skiif ta sa gau at wy dizze foar hannen hawwe. Dat is meastentiids in stik flotter as de oare ferkeappunten. Faaks hawwe jo de skiif noch earder as Gurbe sels. Jo betelje fansels pas by it ôfleverjen.

 
Piter Wilkens: De fleanende Hollanner
De fleanende HollannerNei it súksesfolle Fûgeltsje yn myn gitaar dêr't Piter Wilkens lieten fan Cornelis Vreeswijk frij oersetten hat fanút it Sweedsk is der sûnt koart in opfolger. Oppenij hat Piter in moai nustje ferskes fan Vreeswijk oersetten. Dizze kear ek it ferneamde De nozem en de non. 18 nûmers, 2 boanustreks en dat alles yn in prachtich moai hoeske. Bestel rap dizze Fleanende Hollanner of harkje earst noch efkes nei fragminten fan al dy prachtige nûmers.
 
De del fan '63
De del fan '63Begjin 2010 kaam it nijs nei bûten dat der in Fryske pornofilm makke wurde soe mei de titel Del fan '63. Dit fansels as in parody op de Hel fan '63 fan Steven de Jong. De mannen fan N.N.B. makken nei oanlieding fan dit nijs it stevige nûmer De del fan '63. Dit nûmer waard dêrnei as lûdsspoar brûkt foar de earste Fryske pornofilm. Pornofilmer Erik Zijlstra makke dêrnei ek in klip fan de band en no is dit nûmer dus te keap op singel. De fideoklip stiet ek op de skiif. De pornofilm trouwens net!
 
Jitiizer - út 'e skroeven
Ut é skroevenDe ferneamde Fryske tongercoreband Jitiizer is op dit stuit dwaande mei harren lêste toffel toer. Ein jannewaris 2011 hâldt de band der nei hast 20 jier mei op. Om der foar te soargjen dat jim letter dochs noch ris oan jim neiteam it Jitiizergefoel oer bringe kinne hawwe hja no in kompakt skiif mei in dvd útbrocht dy't as titel út 'e skroeven meikrigen hat. Op de dvd stean de opnamen dy't op 24 oktober yn de Landscapestudio makke binne. Yn totaal 32 nûmers. Op de KS pasten spitigernôch mar 27 ferskes. In moai oantinken oan dizze wol hiel opfallende band dat de echte fans fansels net misse meie. Jim kinne fansels earst efkes hearre hoe't er klinkt.
 
Wjerlûd
WjerlûdIt debútalbum fan Grytsje Kingma, wjerlûd, is yntusken út foarrie leverbaar. Op dizze skiif fine jo prachtige harksankjes. Dizze skiif is net yn de reguliere platewinkels te krijen mar bestel 'm no yn ús Fryske winkel en hy giet fuortdaalks noch op de brievebus. Jo kinne fansels ek earst efkes wat koarte stikjes belústerje.
 
Debútalbum Grytsje Kingma
WjerlûdOp sneon 15 maaie presintearret sjongeres en liettekstskriuwster Grytsje Kingma út Sint Jânsgea har debútalbum Wjerlûd. It wie yn earste ynstânsje as aardigheidsje begûn mar nei't der 15 prachtige nûmers opnaam wiene hat Grytsje der dochs foar keazen om der in echte kompakt skiif fan meitsje te litten. Dizze kompakt skiif is net yn de cd-winkels te keap mar fansels wol op de Fryske winkel. Jim kinne no al in eksimplaar bestelle dan soargje wy der foar dat de skiif fuort nei 15 maaie op de post giet.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2010 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)