Bombarje waard oprjochten yn 1990. De band bestie út Jan Feenstra (sang), Durk Dikland (gitaar en sang), Bauke Bakker (gitaar en sang), Stefan Jansen (basgitaar), Anneke van der Ploeg (saksofoan) en Germ Dikland (drums). Yn 1997 stopte de band mar yn 2001 kaam der in herstart en giene hja dochs wer optreden. Anneke en Bauke wiene der net mear by mar jongste broerke Willem Dikland makke de band wer kompleet. Der waard sels noch in fideoklip makke by it nûmer Pyt dat ek al brûkt wurden wie foar de Fryske Kameleonfilm. Yn 2004 gie de stekker der oppenij út.
De kompakt skiven fan Bombarje
Bombarje hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|