It is al jierren oarloch tusken de twa hynstefamyljes Prins en Wierda. Wannear't de mem fan Renske Wierda stjêrt sjocht de rike Prins sr. syn kâns. Hy wol him it begearde lân ta eigenje fan syn gehate buorman. Wannear't dan Sil, in prachtige fôle mei in beloftefolle takomst yn de draverij, berne wurdt feroaret der in hiel soad foar de earme Wierda's. Mei sa'n tophynder lykje der bettere tiden yn it foarútsicht. De Prinsen betinke allinnich in snoad plan en dogge der fierders alles oan om de striid yn harren foardiel te beslissen. Wannear't der dan ek noch in al ferstoarne broer himsels yn de striid mingt slane de stoppen hielendal troch. Wa wint?
€ 27.99
Oan Bit wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.
Joop Wittermans, Marianne Vloetgraven, Matteo van der Grijn, Rense Westra, Steven de Jong, Wieke Wiersma.
|