Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
DVDDe overval (Paul Rotha, 1962)
De hoes fan De overval (hoeskes kinne bytiden ôfwike fan dy op dizze side) De spylfilm De Overval (1962) is basearre op in wurklik útfierde befrijdingsaksje fan de Fryske KP. Op 8 desimber 1944 wisten de gearwurkjende knokploegen yn Fryslân 51 fersetsminsken út it hûs fan bewarring yn Ljouwert te befrijden. Dêr gie in minutieus plan oan foarôf want der mocht net in skot lost wurde om de besetters net te allarmearjen. De aksje waard sûnder swierrichheden útfierd en wûnder boven wûnder folgden der gjin repressailles. Dizze opmerklike fersetsdied is yn de herinnering oan de twadde wrâldkriich ferankere troch de film De Overval. De film is in dramatisearre wjerjefte fan de tariedings en útfiering fan 'De kraak' mei in sterk dokumintêr karakter. Dr L. de Jong, doetiids direkteur foar it ryksynstitút foar oarlochsdokumintaasje, skreau it senario yn oerlis mei de belutsen KP'ers. De overval wie de earste grutte spylfilm oer it Nederlânsk ferset tidens de twadde wrâldkriich. De film is in spannende en wierheidsgetrouwe rekonstruksje dy't te karakterisearjen is as in foar dy tiid opfallend folwoeksen produksje. De ferrassend libbensechte aktearprestaasjes bin foar in wichtich part te tankjen oan de dialoochregy fan Kees Brusse.

De film is yn 2002 troch it filmmuseum yn Amsterdam folslein restaurearre en konservearre. Ut fjouwer swier oantaaste kopyen fan de spylfilm is ien geef eksimplaar makke tidens in rom fjouwer jier duorjende restauraasjeput. Mei de kopyen as puzzelstikjes koe it byldmateriaal folslein oppenij montearre wurde. Dêrnei is mei digitale techniken it lûdsspoar wer hielendal hersteld.

Neist de film fine jo op dizze DVD ek in dokumintêre fan Omrop Fryslân oer de Kraak en de film.

€ 14.99



Oan De overval wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.

Bernard Droog, Chris Baay, Christine Schouten, Els Bouwman, Frans Kokshoorn, Hans Boswinkel, Hans Culeman, Kees Brusse, Piet Römer, Pieter Lutz, Riek Schagen, Rob de Vries, Sacco van der Made, Thera Verheugen, Yoka Berretty.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2010 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)